Dochs wer wen- en túnbeurs yn WTC Expo yn Ljouwert

04 maaie 2016 - 15:05

WTC Expo yn Ljouwert besiket dochs wer in nije beurs op te setten as alternatyf foar Huis & Tuin. Dy wenbeurs waard begjin dit jier skrast, omdat der te min belangstelling wie. As oarsaak waarden de ekonomyske omstannichheden neamd.

De nije beurs hjit Rondom Huis. Hy moat takom maitiid hâlden wurde. WTC Expo wol dêrby ûnder oare mear omtinken jaan oan de ferbou of nijbou fan in hûs. Huis en Tuin yn it WTC Expo hat alve jier bestien. Yn 2015 luts de beurs noch 25.000 besikers.

Trefwurden: 
Rondom Huis beurs WTC Expo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)