"Taksy Klomp wurdt oernaam troch bedriuw út Arnhem"

It fallite taksybedriuw Klomp wurdt oernaam troch it bedriuw Willemsen en De Koning yn Arnhem. Dat is mei goed tûzen sjauffeurs ien fan de gruttere taksybedriuwen yn Nederlân. Mei de oername is in wichtich part fan de wurkgelegenheid fan de goed fiifhûndert meiwurkers fan Klomp garandearre. It ferfier wurdt op koarte termyn oernaam, seit de kurator.
Klomp fersoarget yn Fryslân it ferfier foar soarchynstelling Alliade. It giet dan bygelyks om hendikepten dy't nei de deibesteging brocht wurde.
Klomp waard presys in wike ferlyn fallyt ferklearre. It ferfier waard lykwols mei help fan de banken en de kurator trochset.