Sliepskippen op eveneminten binne populêr

04 maaie 2016 - 12:31

It Ljouwerter bedriuw Slaapschepen.nl is flink oan it groeien. It bedriuw begûn sa'n trettjin jier lyn mei in lytse float, dêr't minsken by eveneminten op oernachtsje kinne, mar is yntusken útgroeid nei 250 skippen. Dy skippen binne ûnder oare te finen by Oerol, it In To The Great Wide Open festival op Flylân en yn jannewaris lei der bygelyks noch twa en in heale kilometer oan skippen, mei dêrop 1700 bêden, by it Eurosonic Noorderslag festival yn Grins.

De 'hotel-skippen' moatte foldwaan oan strange feilichheidseasken. Dat hat te krijen mei de Europeeske binnenfeartwet. Dêryn stiet dat skippen dêr't mear as 12 minsken op sliepe in soad ekstra maatregels freget. It giet dan ûnder oare om reekmelders, brânblussers en flechtrûten. Allinnich al de kosten fan de kontrôles op in skip wurde rûsd op sa'n 4.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)