Dongeradiel skrast fytsbrêge by Reigerstrjitte yn Dokkum

04 maaie 2016 - 11:04

De gemeente Dongeradiel skrast de fyts- en fuotgongersbrêge yn de Reigerstrjitte yn Dokkum. De brêge oer de Súd Ie moat heger wurde sadat tenei boatsjes der ûnder troch farre kinne. De hegere fariant wie in probleem foar de tagonklikens. Oan ien kant fan de brêge wie gjin romte foar in langere oanrin nei de brêge. Nettsjinsteande dat in soad omwenners de brêge hâlde woene, hawwe boargemaster en wethâlders besletten om dizze fuort te heljen.

Troch it fytspaad by it benzinestasjon oan de Dongeradyk om te lizzen tinkt it kolleezje oan de beswieren fan de omwenners temjitte te kommen. Tagelyk wurde de krusingen by de brêge yn de Dongeradyk ferhege om it ferkear te fertraagjen. Dêrmei wol it kolleezje de feilichheid ferbetterje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)