Seldsume helm Skettens út de Tachtichjierrige Oarloch

04 maaie 2016 - 10:42

In helm dy't al iuwenlang oan de muorre fan it tsjerkje fan Skettens hinge, blykt in hiel seldsum eksimplaar te wêzen. Dat docht bliken nei ûndersyk troch konservator Jeroen Punt fan it Nationaal Militair Museum yn Soesterberg. De helm wie fan Schelte van Aysma, in offisier dy't yn de Tachtichjierrige Oarloch fochten hat en yn 1637 om it libben kaam by de striid om Breda.

Yn de tsjerke lizze de stoflike omskotten fan dizze famylje. Op in ferburgen grêfstien fûn Punt úteinlik in oanwizing dat de helm fan Van Aysma sels west hat. Om de helm goed bewarje te kinnen, wurdt dizze opknapt en komt yn de fêste kolleksje fan it museum. Yn de tsjerke komt in 3D-kopy te hingjen.

Trefwurden: 
helm Skettens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)