Syryske flechtling docht syn ferhaal by deadebetinking

04 maaie 2016 - 10:21
  • Wasim Hussein en Eric Ennema

De Syryske Wasim Hussein hie it goed foarinoar. Yn syn wenplak Damascus wie er eigener fan in stielfabryk. Oant de oarloch útbruts. Ien dy’t neffens Wasim sa útsichtleas en wreed is, dat de ein noch lang net yn sicht is. Doe’t in Islamityske fanaat mei in kalasjnikov him op hege toan frege wêrom’t Wasim gjin burd hie wist er dat er fuort moast. Mei in ploechje freonen fia Turkije, yn in boatsje nei Grikelân, en dan de lange wei nei it noarden. Somtiden mei de trein, mar meastentiids rinnend.

Troch Eric Ennema

No wennet de 36-jierrige Wasim yn Heliconstate yn Ljouwert. “Seis moanne en in wike” antwurdet Wasim yn geef Ingelsk, as ik freegje hoe lang oft er no yn Nederlân is. Hy wit it presys. Hy is tankber foar de opfang, fynt Hollân moai, mar hy jout tagelyk ek oan dat der wol in hiel grut berop op syn geduld dien wurdt. Sicht op hoe lang as it duorret oant er dúdlikheid krijt, hat er net. Wasim wol graach in nije start meitsje. “Dat haw ik earder dien, ik bin noch jong”.

Yn de tuskentiid besiket er Nederlânsk te learen. En bestudearret er de Nederlânske skiednis. Hy hat bewûndering foar wat hjir berikt is, de frijheid om te tinken en te sizzen wat je fine. En ek al binne de Dútske besetting yn de Twadde Wrâldoarloch en de oarloch yn syn eigen Syrië miskien dreech mei-inoar te fergelykjen, dochs fynt Wasim it belangryk om krekt op deadebetinking syn ferhaal te fertellen. It ferhaal fan ûnderdrukking, fan flechtsjen, en fan - úteinlik - hoop op bettere tiden.

Wasim Hussein is ien fan de gasten yn it programma oer de deadebetinking, dat op 4 maaie troch Omrop Fryslân live út de Prinsetún wei op radio en TV útstjoerd wurdt. Yn dat programma is der fierder in ynterview te sjen mei in Kanadeeske befrijer fan doe, it tradisjonele gedicht wurdt foarlêzen troch Femke Smit en der is muzyk fan Piter Wilkens en fan brassband Hosannah. De deadebetinking begjint om 19:30 oere en de presintaasje is yn hannen fan Eric Ennema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)