Kollum: ''Ikke, ikke''

04 maaie 2016 - 08:44

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

''De fuotbalkompetysje is hast dien. Ajax en PSV dogge noch in middei priissjitten. De rest kin it net sa folle mear skele. Dy eventuele ekstra wedstriden foar neikompetysjes hienen de fuotballers leaver net hân. Se krije der ommers gjin ekstra jild foar, en ferdomme ek noch twa wike fakânsje minder. Eartiids wienen de supporters wiis mei harren feriening, fuotballers wiene by dy klup belutsen. Is net mear sa. Supporters bin bline klupnasjonalisten, mar Foppe de Haan is der bygelyks no tsjin oanblundere dat it klupgefoel by de spilers absolút net mear bestiet. En as je dan bygelyks hearre nei de spilers fan Cambuur as dy degradearje. Dan hat net ien it oer dat it sonde foar de klup is, mar “ik moet nu maar zien wat er met mij gebeurt”. Oftewol by wa kin ik noch in salariske opstrike. Fuotbalmakelers bepale soks allegearre.

De sfear op de fuotbalfjilden is inkeld mar ikke ikke. By elke útbal stean de spilers fan beide partijen mei de hannen omheech. Foar ús, nee foar ús. Wa‘t ‘m dan ek krijt, ek al is it ferkeard, elke bal dy’t dêrnei ynsmiten wurdt, nimt de yngoaier minimaal fyftjin oant tweintich meter fjild. Ik soe hast sizze lit der mar ien mei in spuitbuske mei drave, der efter bliuwe. As je in spiler omkegelje kom je daliks oerein mei dat irritante fingerke “nee skiedsrjochter, jo ha ûngelyk”. Sa kin ’k wol fierder gean, allegearre hieltyd ikke, ikke. Benammen om josels te bewizen tsjinoer je eigen publyk, eigen trainer. As ik skiedsrjochter wie hâlde ik mar in pear spilers oer, elkenien dy’t mei de hannen omheech stiet, of mei dat freeslike fingerke, of wapperje om in giele of reade kaart, fuort wêze. Grutste foarbyld is Joey van den Berg fan Hearrenfean, dy’t oefene hat om al fallend dat fingerke te roeren, en oer alle beslissingen kommentaar hat by de skiedsrjochter. Wylst de oare ploech der dan oer hinne wâlde en faak in goal makke. Hy hie by my elke wedstriid read krigen en hat ek inkeld troch syn altyd yrritante gedrach dy oare kaarten krigen. Unbegryplik dat hy altyd opsteld waard.    

Skiedsrjochters doge net, want se dogge neat. Skiedsrjochters wolle nammentlik superskiedsrjochters wurde by dy beroemde ikke ikke fuotballerkes. Dan moatte se de kaarten mar yn de bûse hâlde. Ek al wurdt der de hiele middei trije, fjouwer man útskopt mei slidings mei twa fuotten, se litte aloan trochspylje. Want wat sizze dy saneamde analisten (gewoan âld-fuotballers dy’t noch wat byfertsjinje wolle) en sjoernalisten dan yn al dy ''ûnsinfuotbalpraat telefyzjeprogramma’s'': “prima scheidsrechter, hij laat het spel doorgaan”. It spultsje is dus dat der minsken it sikehûs ynskopt wurde.

De fuotballers dy’t sa fan sinten hâlde skoppe lykwols har eigen doarren yn. Tafallich kaam ik nei Hearrenfean–Grins oan in tafel mei alderhande âld-fuotballers fan Hearrenfean, 60ers, sels 70-ers. Dy sieten in bytsje dreech te stinnen: aanst earst mar ris sjen wêr’t se mei komme foardat ik myn seizoenkaart ferlingje. Mannen dy’t altyd o sa  belutsen wiene by de klup. In lûd wat ik by in hiel soad supporters ek al heard hie. En dan giet it net om Hearrenfean, Cambuur of hokker klup dan ek, de wize fan fuotbaljen steurt in soad minsken.

Se hoege om my net iens mear sa hiel moai te fuotbaljen. Dat is it fuotbal wrâldwiid tsjintwurdich net mear. It is no stride om elke sintimeter gers. Mar dan soe it wol moai wêze dat je dat gefjocht oangeane mei respekt foar je tsjinstanners. En mei begryp foar de skiedsrjochterlike flaterkes. Want dy meitsje úteinlik noch minder fouten as de ikke ikke jonges.

Guon sil no sizze: jild makket net alles. Okee it yn ferhâlding earme Leicester City wint yn Engelân. Mar dy mannen stienen ek hieltyd mei de tatoeëarde earmkes omheech. En dy jonkjes bin ek ikke ikke, want dy lykje no o sa belutsen, mar dy kin dy geweldige bak telefyzjejild wol op. Want begryp my goed. Fuotbalmakelers meitsje de jonkjes ikke ikke. En fuotbalbestjoerders betelje dat fia de telefyzjejilden. As Hearrenfean sneon bygelyks net fan ADO wint, hawwe se oardel miljoen minder te besteegjen as oars. En ynienen in oare finansjele húshâlding. Mar dan kin je teminsten gjin ikke ikke fuotballerkjes mear keapje.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)