Lilkens by D66 oer wurkwize mooglike fúzje Haren

© Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
D66 yn de gemeenteried fan it Grinzer Haren is lilk oer de wize wêrop de besprekkingen oer in mooglike fúzje mei de gemeente Grins, ûnder lieding fan boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân, plak fine. Dat meldt RTV Noord. Neffens de fraksje wurde de petearen op oantrúnjen fan Apotheker efter sletten doarren hâlden. Der binne allinnich boargemasters en wethâlders by en gjin riedsleden.
Dizze efterkeamerkespolityk giet neffens D66 yn tsjin transparânsje en iepenheid fan bestjoer. De fraksje hat in moasje yntsjinne om te berikken dat de riedsleden tenei de ferslaggen fan de petearen ynsjen meie.