Hûnderten bestjoerders flitst by ferkearskontrôles op Skylge

04 maaie 2016 - 06:53
  • Flitskontrôle

By ferkearskontrôles op Skylge binne de ôfrûne dagen 334 bestjoerders flitst. De radarkontrôles wienen moandei en tiisdei rûnom op it eilân. Wat neffens de plysje opfoel wie dat meardere bestjoerders meardere kearen flitst binne, om't se te hurd riden. Ien bestjoerder kin sels fiif boetes op de doarmatte ferwachtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)