Fryske bussjauffeurs kinne nei Amsterdam

Iepenbier ferfier yn de haadstêd © ANP
De stêd Amsterdam is op syk nei Friezen dy't dizze simmer as bussjauffeur wurkje wolle yn it iepenbier ferfier. Ferfiersbedriuw GVB docht fia in útstjoerburo op It Hearrenfean in oprop op de noarderlingen. Der wurde dizze simmer bussen ynset as ferfanging fan de tram. Fryske sjauffeurs hoege net alle dagen op en del nei Amsterdam te riden. Minsken dy't bûten Amsterdam wenje wurdt iten en in bêd yn in hotel oanbean.