Ljouwerter mooglik twa jier de sel yn foar ôfparsing

Justysje © ANP XTRA
In 34-jierrige Ljouwerter moat mooglik twa jier de sel yn foar it ôfparsjen fan manlju dy't aktyf wienen op in sekswebsite. Dat meldt RTV Oost.
De Fries soe him foardien hawwe as in froulike prostituee en frege de manlju om foto's te stjoeren fan harren geslachtsdielen. Dy foto's brûkte hy om de manlju ûnder druk te setten. Ien man boekte fia ynternet in eskortdame, mar krige gjin besite thús. Wol waard er bedrige dat er yninoar slein wurde soe as er net betelje soe.
Yn de rjochtbank fan Almelo waarden tiisdei njoggen gefallen tsjin de Fries behannele. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.