Dronken Ljouwerter sliept op Nijstêd

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan moandei op tiisdei in sliepende Ljouwerter fan de Nijstêd helle. Der kaam in melding by de sintrale binnen dat ien net goed wurden wie. Dêrom waard in ambulânse nei de binnenstêd stjoerd. De 22-jierrige man bliek lykwols safolle dronken te hawwen dat er op strjitte yn sliep fallen wie. Opname yn it sikehûs wie net nedich, mar de man hat wol proses-ferbaal krigen.