SC Hearrenfean rekket miskien telefyzjejild kwyt

03 maaie 2016 - 18:19

De wedstriid ADO Den Haag-Hearrenfean fan kommende sneon liket om neat te gean, dochs stiet der sa'n 1,5 miljoen euro op it spul foar Sportklup Hearrenfean. Dat hat te krijen mei telefyzjejilden. Op basis fan in ranglist fan de lêste tsien jier wurde nei elts seizoen de telefyzjejilden fan FOX ferdield. Hearrenfean stiet op dy list no op it sechsde plak en dat smiet it ôfrûne seizoen fiif miljoen euro op. Trochdat Hearrenfean dit seizoen mar tolfde stiet, kin it samar sa wêze dat it Hearrenfean 1,5 miljoen euro kostet.

De ynkomsten sakje dan fan 5 nei 3,5 miljoen euro. Yn it meast negative senario gean FC Grins en Vitesse op dy ranglist fan de lêste tsien jier oer Hearrenfean hinne. In oerwinning snein yn Den Haag kin dat foarkomme.

Dit is de ranglist foar it seizoen 2015/2016:
6. SC Hearrenfean 5,0 miljoen
7. FC Grins 4,25 miljoen
8. Vitesse 3,5 miljoen
9. FC Utrecht 2,9 miljoen

Dit is de ranglist fan no, op basis fan 33 wedstriden:
6. FC Grins 5,0 miljoen
7. SC Hearrenfean 4,25 miljoen
8. Utrecht 3,5 miljoen
9. Vitesse 2,9 miljoen
(Dizze ferdieling is op basis fan it seizoen 2015/2016. De kâns dat de bedraggen foar it seizoen 2016/2017 wat heger wurde, is grut. Neffens de Eredivisie CV wurde de bedraggen lykwols net folle heger, we ha it oer in pear ton).

In tal senario's

As Hearrenfean snein wint fan ADO Den Haag, dan klimme se nei it 11e plak yn de kompetysje. Op de ranglist pakke se dan 10 punten en gean se Grins foarby. Grins mei dan lykwols net noch in plak omheech gean op de ranglist fan de lêste tsien jier. SC Hearrenfean hâldt yn dit gefal sa'n 5 miljoen euro.

Hearrenfean spilet lyk tsjin ADO Den Haag en bliuwt 12e yn de kompetysje en Utrecht (1 plak) en Vitesse (2 plakken) klimme net op ranglist. Hearrenfean krijt dan folgjend seizoen 4,25 miljoen euro, 750.000 euro minder.

Hearrenfean ferliest fan ADO Den Haag en Utrecht wint mei trije goals ferskil fan AZ en klimt nei it fjirde plak yn de kompetysje. Dêrtroch giet ek Utrecht oer Hearrenfean hinne op de ranglist fan de lêste tsien jier. In oar senario is dat Utrecht ferliest, mar Vitesse minimaal twa plakken klimt yn de kompetysje. Yn dat gefal giet Vitesse oer Hearrenfean hinne op de ranglist fan de lêste tsien jier en giet Hearrenfean der ek 1,5 miljoen op efterút. Hearrenfean krijt dan takom seizoen sa'n 3,5 miljoen euro, 1,5 miljoen minder.

Konkluzje: Hearrenfean moat winne fan ADO Den Haag of Grins ferlieze fan Heracles. Dat is it bêste senario.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)