Leovardia spiler skorst foar diskriminaasje

03 maaie 2016 - 17:18
  • Sybren Bosma op it fjild by WTOC tsjin Leovardia

Fuotbalbûn KNVB hat in 29-jierrige spiler fan de Ljouwerter fuotbalkup Leovardia foar trije wedstriden skorst. Yn in wedstriid tsjin fuotbalklup WTOC yn Aldwâld misledige hy begjin april de 19-jierrige Sybren Bosma. Dy spiler hat in hendikep oan syn earm.

WTOC tsjinne in klacht yn by it fuotbalbûn KNVB en hope op in skorsing fan 6 oant 8 wedstriden foar diskriminaasje. De klup is bliid dat der in straf takend is, mar is wol teloarsteld oer de hichte derfan. Benammen om't de KNVB aktyf kampanje fiert foar respekt yn it fuotbal. WTOC kin net yn heger berop gean tsjin de straf.

De mem fan de 19-jierrige Bosma kin har net fine yn de straf dy't de KNVB oplein hat, benammen yn it feit dat de bûn neat dien hat oan de diskriminaasje. Se kin gjin heger berop oantekenje tsjin de útspraak, mar wol noch wol yn petear mei it fuotbalbûn. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)