Kening en keninginne nei Noardwest-Fryslân

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima bringe op 13 juny in besite oan Noardwest-Fryslân. De besite stiet yn it teken fan de streekaginda, wêryn provinsje, gemeenten en wetterskip gearwurkje mei de ynwenners en bedriuwen oan in sterke regio. Spesjaal omtinken is der foar de leefberens yn it gebiet mei it weromrinnend tal ynwenners. It keninlik pear begjint op It Bilt, docht dêrnei Menameradiel en Frjentsjerteradiel oan, en einiget de dei yn Harns. Underweis wurde ûnder oare in skoalle, kwekerij, wensoarchkompleks en in skipswerf besocht.
De besite wurdt ôfsletten mei in fartocht op it steatejacht.
It Bilt
It keninklik pear begjint yn Sint-Anne by kampus Middelsee, de skoalle mei it learwurkplein. Skoallen en bedriuwen fan fjouwer gemeenten wurkje dêr yntinsyf gear om learlingen út it fuortset ûnderwiis te ferbinen mei de regionale arbeidsmerk.
Menameradiel
Yn Wier giet de reis nei de duorsume tomatekwekerij 'It Wiid'. Hjir wurkje en leare kandidaat-wurknimmers mei in útkearing hoe't it der om en ta giet yn de glêstúnbou. It Wiid is ûnderdiel fan Empatec.
Frjentsjerteradiel
By de besite oan wenkompleks Nij Bethanië yn Tsjummearum is leefberens it sintrale tema. Dêrnei sil it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer besjoen wurde. De ynteraktive edukative tentoanstelling is dan ek te besjen, want dy is op 19 maaie klear. It Sjûkelân mei it keatsen kin fansels net ûntbrekke.
Harns
Yn Harns krije de kening en keninginne in rûnlieding oer de skipswerf fan Thecla Bodewes Harlingen Shipyards. Mei in fartochtsje op it steatejacht Friso en in dûnsfoarstelling fan it selskip Club Guy&Roni sit de streekbesite derop.