Jonge see-earn yn it Lauwersmargebiet

03 maaie 2016 - 15:41
  • De see-earnen yn it Lauwersgebiet
  • Allegear nijsgjirrich nei de see-earn-piken

Yn it Lauwersmargebiet is in jonge see-earn út it aai kaam. Dat lit Steatsboskbehear witte. De ôfrûne twa jier slagge it de see-earnen yn it gebiet net om jong grut te bringen, dêrfoar slagge dat trije kear, wêrby't ien kear twa jongen yn ien nêst sieten. It nêst mei it jong waard moandei troch meiwurkers fan Steatsboskbehear fûn. Sy koenen net goed sjen oft der mooglik noch in jong yn siet.

It nêst leit oan de Fryske kant fan it Lauwersmargebiet. De boskwachters sille der de kommende tiid op tasjen dat it nêst mei rêst litten wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)