Waadfûns jout jild om de Atlantikwall op te knappen

It Waadfûns hat dizze wike 2,8 miljoen euro tasein foar it projekt 'Atlantikwall in het Waddengebied'. De Atlantikwall is in kilometers lange muorre dy't Nazy-Dútslan brûkte om de alliearden tsjin te hâlden. It projekt sil restanten fan de Twadde Wrâldoarloch wer opknappe en tagonklik meitsje foar publyk. Lykas by it Noarderleech by Hallum. Dêr binne yn de Twadde Wrâldoarloch meardere fleantugen delstoart. Ek stiet der in bunker, dy't ûnderdiel wie fan de saneamde Atlantikwall. It projekt sil nei alle gedachten ein dit jier klear wêze.
Net alline by Hallum sille bunkers en oare stellingen oanpakt wurde. It projekt 'Atlantikwall in het Waddengebied' giet van Den Helder oant en mei Delfzijl, inklusyf de Waadeilannen. Dêr binne se al begûn mei de wurksumheden.