"Symptomen fan in beroerte binne noch net bekend genôch"

In soad Nederlanners herkenne de symptomen fan in beroerte net. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Hartstichting. De stichting begjint dêrom in kampanje wêrmei't minsken de symptomen better herkenne leare. Dy symptomen binne ûnder oaren in mûle dy't skean lûkt of wannear't minsken raar begjinne te praten.
It is neffens neurolooch Frank van Rooij fan it Ljouwerter sikehûs MCL tige wichtich om yn de gaten te hâlden wannear't de beroerte begûn. De behanneling fan in beroerte is nammentlik oan in tiidpaad bûn.