Swimbad De Frosk slút nije wike foarearst de doarren

Swimbad De Frosk yn De Westereen giet fan 9 maaie ôf tydlik ticht. De Frosk BV, it bedriuw dat it swimbad hiert, is op 5 april troch de rjochtbank fallyt ferklearre. Der wurdt wurke oan in trochstart. Der hawwe har al seis kandidaten melden, seit kurator Wybe Mollema.
Hy hat de gegevens fan de kandidaten trochjûn oan de eigener, Montferland Vastgoed BV, mar dy hat noch neat fan him hearre litten. It is de kurator wol slagge om it swimbad mei help fan de gemeente Dantumadiel noch oant en mei de maaiefakânsje iepen te hâlden.
Om't de gemeente gjin eigener fan is swimbad is, wachtet dy ôf wat der fierder barre sil. Ferline wike waard der noch aksje fierd om it swimbad langer iepen te hâlden.