Dieven stelle klûzen, autobedriuw jout beleanning foar tip

03 maaie 2016 - 13:01

Auto Olijnsma op De Himrik yn Ljouwert hat in beleanning fan 5000 euro oer foar de gouden tip dy't liedt nei de ynbrekkers dy't yn de nacht fan moandei op tiisdei ynbrutsen hawwe by it bedriuw. De dieven ha twa klûzen fan de muorre losbrutsen en meinaam.

Yn de klûzen siet in grut jildbedrach en autopapieren. Neffens in wurdfierder giet it om profesjonele dieven, dy't binnen trije minuten wer bûten stiene. Om binnen te kommen boarren se it slot út de foardoar. De ynbrekkers binne nei alle gedachten útnaaid yn in lytse reade auto.

Op Facebook hat Auto Olijnsma bylden fan in bewakingskamera setten. Dêrop stiet de auto dy't de dieven nei alle gedachten brûkt hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)