Rykswettersteat set reservedoar yn Lorentzslûs op Ofslútdyk

Rykswettersteat wurket tiisdei hurd oan it herstellen fan de Lorentzslûzen yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân. Sneon botste in Urker kotter tsjin de slûsdoarren, fanwegen in technysk mankemint oan it skip.
De botsing wie in grutte domper foar Rykswettersteat, want de slûsdoarren wiene in dei dêrfoar wer yn gebrûk naam nei in renovaasje dy't in pear wiken duorre. De fiskersskippen wurde no earst út de slûs sleept om by de fernielde slûsdoar komme te kinnen. Dêrnei komt der tydlik in reservedoar yn.