Boargemaster Eindhoven jout Cambuursupporters gebietsferbod

Boargemaster Van Gijzel fan Eindhoven © ANP
Seis Cambuursupporters hawwe foar de kommende twa fuotbalseizoenen in gebietsferbod foar Eindhoven. Se krigen de straf fanwegen in fjochterij yn Stienwyk op 22 april. De Cambuursupporters hiene dêr ôfpraat mei Vitesse-supporters. Der ûntstie in grutte fjochtpartij tusken beide groepen.
De plysje hat doe twa auto's mei seis manlju út Ljouwert en Grins oanhâlden. Yn de auto's binne drugs en wapens fûn. Doe't de boargemaster fan Eindhoven fernaam dat de supporters snein nei syn stêd komme woene - Cambuur spile tsjin PSV - grypte er yn.
Hy joech de supporters foar twa seizoenen in gebietsferbod. Foar kommend seizoen jildt de maatregel ek foar de wedstriden fan it degradearre Cambuur tsjin Jong PSV, dy't dan beide útkomme yn de Jupiler League.