"Lit gjin ballonnen mear op by eveneminten"

03 maaie 2016 - 08:16

De fraksje fan OpsterLanders wol dat der tenei by eveneminten gjin ballonnen mear oplitten wurde. Neffens de fraksje gean der jierliks rûnom yn it lân tusken de ien en twa miljoen ballonnen de loft yn en dat soarget foar in soad swalkôffal, stjerte ûnder bisten en draacht it by oan de plestik sop yn de oseanen.

It is dêrom better om de ballonnen by in feest op te hingjen en nei ôfrin op te romjen, fynt OpsterLanders. Natuerorganisaasjes pleitsje al langer foar in ferbod op it oplitten fan ballonnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)