Goed 750 kuierders ûnderweis foar 70e kuieralvestêdetocht

03 maaie 2016 - 08:00

De 70e edysje fan de Kuieralvestêdetocht is tiisdeitemoarn úteinset. Yn totaal skreaunen mear as tûzen minsken harren yn om dizze wike troch de provinsje te kuierjen. Mear as de helte dêrfan, sa'n 750, docht mei oan de lange fariant, de fiifdaagse. De dielnimmers dêroan gongen tiisdei om 7 oere fan start fanút de Elfstedenhal yn Ljouwert.

Sy kuierje tiisdei nei Sleat. De oare etappes geane fan Sleat nei Warkum, fan Warkum nei Frjentsjer, fan Frjentsjer nei Dokkum en fan Dokkum nei Ljouwert. De finish is sneon yn de Harmonie yn Ljouwert.

Om't it 70e edysje is, hat de organisaasje ûnderweis foar ekstra aktiviteiten soarge. Sa binne ferskate stedsomroppers aktyf, leit der yn Boalsert in reade loper út en steane der orkesten by de rûte del. Dit jier falle boppedat 4 en 5 maaie yn de kuier-fiifdaagse. Yn Warkum kinne de kuierders dêrom 4 maaie by de betinking wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)