Feanster rydt mei quad yn op frou en triuwt har yn de sleat

In quad © Wikipedia
De plysje op It Hearrenfean hat moandeitejûn in ynwenner fan dat plak oanhâlden nei't er mei in quad op in frou ynriden wie. De man ried oant twa kear ta tsjin de skonken fan de frou en treau har dêrnei yn in sleat.
De oanlieding is nei alle gedachten dat de frou har hûnen útliet op it lân fan de man. De Feanster is oanhâlden foar swiere mishanneling en bedriging.