FIDEO: Hege kilopriis foar garnalen, mar minne fangst

It lykje gouden tiden foar de Nederlânske garnalefiskers. In kilo garnalen smyt dizze dagen yn trochsneed sa'n 10 euro op. Dat is hast trije kear heger as gewoan. It is lang lyn dat de prizen sa heech wiene. De ferwachting is dat de konsumint dat ek fernimme sil.
De hege prizen jouwe lykwols in fertekenjend byld fan de garnalehannel, want 10 euro de kilo betsjut net fuortendaliks hegere ynkomsten foar de fiskers. Om it jild te krijen, moatte earst wol de garnalen yn de netten. It tal dat fongen wurdt, is lykwols tige leech.