Easterwierrum hat spesjale tille foar boereswellen

02 maaie 2016 - 21:29

Easterwierrum is in saneamde swelletille riker. Dat is in plak foar boereswellen om te sitten en in nêst te meitsjen. De swelletille wie de winsk fan Joast Stoelinga, fûgelleafhawwer en âld-foarsitter fan de fûgelwacht yn it doarp. Hy miste de sweltsjes, dy't eartiids manmachtich op de telefoan- en stroomtriedden sieten, mar dy binne der no folle minder.

Swellen hâlde der net fan om yn beammen, op it dak of op 'e grûn te sitten. Yn Easterwierrum stean no twa peallen mei triedden dertusken, dêr't de fûgels sitte kinne.

Dêrneist stiet in tille mei in dakje en dêrop in fûgeltsje, dy't keunstner Ids Willemsma ûntwurpen hat. Hy wennet ek yn it doarp. Under it dakje hingje achttjin keunstnêsten foar de swellen. Op 21 maaie is de offisjele iepening fan de swelletille. Dan wurdt der ek in ynformaasjeboerd ûntbleate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)