Stayokay yn Snits slút de doarren

02 maaie 2016 - 20:52

De Stayokay yn Snits giet ticht. It hierkontrakt fan it Snitser hostel wurdt ein dit jier net ferlinge. Neffens Stayokay is de hier te heech foar it 239 bêden tellende hostel, wêrtroch't it net in kommersjeel sukses wurde kin.

Stayokay naam it gebou yn 2012 oer fan de organisaasje fan hostel Oer it Hout yn Grou. Se sleaten in kontrakt ôf foar fiif jier en dat rint yn desimber dit jier ôf. De lêste gasten sille der dan ek yn de earste wike fan desimber út moatte. Wat dêrnei mei it gebou bart, is noch ûnwis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)