SGP fynt amtlike fúzje te djoer foar Dantumadiel

It gemeentehûs fan de gemeente Dantumadiel © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De amtlike fúzje is foar Dantumadiel totaal ûnbetelber. Dat seit de SGP-fraksje yn dy gemeente. De SGP is al langer tsjin in fúzje mei de gemeenten Kollumerlân, Dongeradiel en Ferwerderadiel. No komt de fraksje mei sifers om dit te fierder te motivearjen.
De ferwachte friksjekosten dy't ûntstean troch de fúzje binne neffens de SGP fierstente heech. Friksjekosten binne de kosten dy't boppe-op de fúzjekosten komme. De SGP rûst dizze kosten op 4,7 miljoen euro. Dit soe net betelle wurde kinne troch Dantumadiel.
Dantumadiel krijt gjin bydrage fan it Ryk foar de fúzje. De oare trije fúzjegemeenten krije wol in bydrage, nammentlik 10 miljoen euro. De SGP ropt de koälysje fan Dantumadiel dan ek op om ôf te sjen fan de amtlike fúzje en nei te tinken oer in alternatyf.