Plan foar Histoarysk Sintrum yn eardere stedhûs Boalsert

02 maaie 2016 - 19:32
  • It eardere stedhûs fan Boalsert
  • It eardere stedhûs fan Boalsert

Boalsert krijt in Histoarysk Sintrum nei foarbyld fan it HCL yn Ljouwert. De gemeente Súdwest-Fryslân sjocht it eardere stedhûs yn Boalsert dêrfoar as de ideale lokaasje. Dit karakteristike gebou bestiet takom jier 400 jier en is byldbepalend foar it hert fan Boalsert.

Yn it gebou soene de âldheidskeamer, it Titus Brandsmamuseum en it Gysbert Japicxhûs ûnderbrocht wurde moatte, mar ek de biblioteek, it gemeente-argyf en in gemeenteloket. As de finansiering rûn komt, soe it histoarysk sintrum yn 2018 iepen kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)