Harnzer ôffaloven draait wer nei stroomsteuring

02 maaie 2016 - 17:36
  • De REC yn Harns

De dioksinemjitters fan de ôffaloven yn Harns, de REC, binne wer oanset. Om healwei fjouweren is de boel wer opstarten. Troch in stroomsteuring, wierskynlik feroarsake troch in spanningspyk troch wurksumheden op in oar plak, foelen de mjitters moandeitemoarn in skoftsje út.

Omrin seit dat de útsjtit wol binnen de noarmen bleaun is. It útfallen fan de apparatuer leit gefoelich yn Harns en ek by de provinsje. 

Ferline wike noch skreaune b. en w. fan Harns in lilke brief nei Omrin omdat dy in stofwolk by it opstarten fan de oven net meld hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)