UPDATE: Deade frou fûn yn wetter fan Snitser jachthaven

02 maaie 2016 - 21:15

It lichem dat moandeitemiddei fûn is yn it wetter fan de jachthaven oan de Selfhelpweg yn Snits, is fan in 68-jierrige Eastenrykse frou. Ut ûndersyk fan de plysje en de forinsyske opspoaringstsjinst docht bliken dat de frou net troch in misdriuw om it libben kaam is. Nei alle gedachten is se net goed wurden en yn it wetter fallen. It is noch net bekend makke wannear't dat bard is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)