Fertriet fan DWDD-filmke

26 apr 2012 - 15:46

De Wereld Draait Door hat gjin idee hoefolle fertriet it grappich bedoelde filmke oer it fuotbalshirt fan Hearrenfeanspiler Dost opsmiten hat. Dat seit Bernadet Bijkerk út Stienwyk. It programma liet tiisdei sjen hoe't Dost syn shirt oan in jonkje jaan woe. Frou Bijkerk pakte it krekt foar it bern wei. Yn de studio fûnen in soad minsken dat skandalich.

Yn werklikheid hie Dost it shirt oan Bijkerk har soantsje tasein. Frou Bijkerk hat de redaksje frege it filmke fan ynternet te heljen, mar dat woene se net tasizze.

Wol hat presintator Matthijs van Nieuwkerk woansdei yn it programma tajûn dat de saak oars lei, en dat de frou it shirt net samar foar it oare jonkje weipikte

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)