Cambuur giet foar folle winst

26 apr 2012 - 13:03

Cambuur giet yn de lêste kompetysjewedstriid freed foar de folle winst tsjin Telstar. De Ljouwerters lykje it fyfde plak ferline wike ferspille te hawwen, mar as de konkurrinten FC Den Bosch en Willem II punten lizze litte, kin Cambuur dochs noch fyfde wurde. De Ljouwerters komme wer wat rommer yn de spilers te sitten. Van Boxel is werom fan in skorsing. Erik Bakker en Oguzhan Türk kinne spylje. Sy krije beide in oantal spylminuten. Ek Jonathan Vosselman is wer fit. Martijn Barto hat lêst fan in kniesde tean.

De spits kin nei alle gedachten wol spylje. Marco van der Heide hat in knibbelblessuere. Hy spilet freed net. Sandor van der Heide is dizze wike troch syn rêch gean op de training. It is noch mar de fraach oft de middenfjilder freed as spiler ôfskied nimme kin fan it pyublyk. Mark de Vries is ûnder behanneling fan in manueel terapeut. Cambuur hopet dat de spits yn de neikompetysje spylje kin.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)