Harns koe net ûnder REC út

26 apr 2012 - 12:57
  • REC ôffaloven

Harns koe neffens in gemeentlike ûndersykskommisje de komst fan de ôffaloven net keare. De gemeente Harns koe net ûnder it ferlienen fan de boufergunning út foar de Reststoffen Enerzjy Sintrale REC.

Formeel is der neat mis mei de wize hoe't de besluten naam binne. De wize wêrop't it gie, koe wol better. De minne kommunikaasje nei de befolking en de gemeenteried soarge derfoar dat de soargen oer de ôffaloven grutter waarden as nedich wie. It rapport oer de REC is woansdei presintearre.

De ûndersykskommisje REC is ynsteld troch de gemeenterie. Njonken ûndersikers sieten der ek fertsjinwurdigers yn fan Frisse Wind, de SP en fan Harlinger Belang. Oare partijen yn de ried hawwe ek meiwurke oan it ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)