Auto oer de kop: brêge kapot

26 apr 2012 - 12:05

Op de A6 by de ôfslach Sint Nyk is oan 'e ein fan de moarn in auto oer de kop flein. De wein is fia de fangrail op de skeante njonken de wei telâne kaam. De brânwacht is dwaande om twa minsken út de auto te heljen. Hoe't it ûngelok barre koe, is noch net bekend.

By de oanriding is de betriedding fan de Skarster Rien-brêge rekke. Dêrtroch kin de brêge net bestjinne wurde foar it skipfeartferkear. Oer in lingte fan 5 kilometer rydt it ferkear stadich. Der is mar ien rydbaan beskikber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)