Auto botst op fangrail op A32

26 apr 2012 - 10:59

In frou út Ljouwert is yn de nacht fan woansdei op tongersdei by in ûngelok op A32 by Grou ferwûne rekke. Se hie de auto net mear yn de macht, nei alle gedachten nei't se mei ien fan de tsjillen yn de berm telâne kaam wie. De frou botste doe op de fangrail en moast troch de brânwacht út de auto weihelle wurde.

It slachtoffer is mei ferwûnings nei it sikehûs brocht. De dyk hat in skofke ôfsletten west foar it ferkear.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)