Gemeenten yn Netwurk Noardeast

26 apr 2012 - 10:12

Fiif gemeenten yn Noardeast-Fryslân betinke tenei mei-elkoar plannen om bygelyks nije ûndernimmers te helpen, mear toeristen te lûken of glêsfezelkabels oan te lizzen. Fiif boargemasters en deputearre Kramer hawwe dêrfoar yn Kollum in oerienkomst tekene. Oant no ta betochten de gemeente dêrfoar eigen plannen, mar dy sluten net altyd goed opelkoar oan.

De gearwurking yn Noardeast-Fryslân yn it Netwurk Noardeast is neffens de boargemasters perfoarst gjin stap yn de rjochting fan ien grutte gemeente.

De gemeente Ferwerderadiel wie ek by it ûndertekenjen. Dy wol him ek mooglik oanslute by it netwurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)