Provinsje wol mear sinnestroom

Folle mear Friezen moatte in sinnepaniel op it dak hawwe. Dat wol de provinsje. No sit der sawat foar 5 megawatt oan sinnepanielen op de Fryske dakken. Oer trije jier moat dat tsien kear safolle wêze. De provinsje wol dêrom foarljochting jaan oer de foardielen fan sinne-enerzjy. Dêrneist wol it mei it nije kabinet om tafel om de regels foar ûndernimmers makliker te meitsjen. Foar partikulieren is dy regeljouwing al hiel ienfâldich.
It plan fan de provinsje soarget ek foar mear wurk, minimaal foar 75 minsken.