Gearwurking natuer eilannen

26 apr 2012 - 07:22

Agraryske natuerferienings fan trije Fryske waadeilannen sille tenei harren krêften bondelje en gearwurkje. Woansdei is dêr it gearwurkingsferbân foar ûndertekene. Skiermûntseach, It Amelân en Skylge sille harren wurk op it mêd fan behear fan greidefûgels en guozzen op inoar ôfstimme. It gearwurkingsferbân hat de namme Waddenvogels krigen. De gearwurking moat liede ta in effisjintere en profesjonelere organisaasje.

Flylân docht net mei, omdat dêr gjin agraryske grûn is en Teksel falt ûnder de provinsje Noard-Hollân en de Waddenvogels wolle earst de saken yn Fryslân goed regele ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)