Plysje ropt ambulânse op foar dronken Ljouwerter
In 31-jierrige Ljouwerter hie sneintejûn safolle drank op, dat er op de Menno van Coehoornstrjitte op de grûn lei. Meiwurkers fan de ambulânse hawwe de man behannele.
Hy is dêrnei oerdroegen oan kunde, dy't him nei hûs bringe soe. De man krige fan de plysje in proses-ferbaal.