Friezinne yn Afrika: "Lânbougrûn wurdt hjir hieltyd drûger"

02 maaie 2016 - 13:53

It wol mar net reine yn Afrika, en it Reade Krús hat dêr grutte soargen oer. De helporganisaasje hat op koarte termyn 11 miljoen euro nedich om hongersneed en wettertekoart te bestriden. Dêrom is moandei in spesjaal gironûmer iepensteld, 7244.

Yn lannen as Malawy, Swazylân en Simbabwe is de needtastân útroppen. Yn guon gefallen wurdt it wetter tydlik ôfsletten. De risping driget te mislearjen en de prizen foar griente en fruit sjitte omheech. Yn Afrika binne ek Fryske helpferlieners dwaande.

Fries om utens Hettie Bloem, dy't yn Súd-Afrika wennet, sjocht de lânbougrûn om har hinne hieltyd drûger wurden. En der wurdt foarearst gjin rein ferwachte. Afrika giet de winter yn en yn dy perioade reint it eins nea, seit se.

Marijke Twerda fan Bûtenpost sit yn Adis Abeba. Ut de Etiopyske haadstêd wei helpt sy it lokale Reade Krús mei it opsetten fan aksjes. Dat is betiden dreech omdat de gebieten fier útinoar lizze en der benammen nomaden wenje dy't faak fan plak nei plak gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)