Bouwmeester nimt de lieding
Marit Bouwmeester hat yn Hyères by de wrâldbeker yn de Laser radial de lieding oernommen. Woansdei, op de fjirde dei, stie der folle minder wyn as de oare dagen. Mei it lichte waar sylde Marit nei in fyftjinde en fjirde plak. De 15 punten kin se ôflûke. De wrâldkampioene út Warten hat no 20 punten. De Sinese Lijia Xu is twadde mei 23 punten.
De Britse Alison Young, de liedster oant woansdei, sylde nei in 27e en 16e plak. Sy is no mei 24 punten tredde. Tongersdei wurde der noch twa races syld, freed is de medaljerace mei de bêste tsien.