Rykswettersteat wol slûsdoar Ofslútdyk yn ien dei ferfange

02 maaie 2016 - 12:31

Alles stiet klear om tiisdei yn ien dei de slûsdoar by de Lorentzslûs yn Koarnwertersân te ferfangen. Dit wykein rekke de slûs swier skansearre doe't in Urker kotter der tsjinoan fear. De slûs wie krekt folslein renovearre en freedtejûn foar it earst yn seis wiken wer yn bedriuw.

De grutte slûs hat troch de oanfarring it folsleine wykein ticht west foar it grutte skipfeartferkear. Trochdat de slûs noch mar krekt oplevere wie, is in protte materiaal noch foar hannen, en wit it personiel noch goed hoe't alles wurket.

Hjirtroch kin de klus tige fluch dien wurde.

Technyske steuring

Rykswettersteat krige de ôfrûne dagen noch ferskate telefoantsjes fan rederijen dy't hoop hiene dat se dochs troch de slûs koene. Mar dit slagge net foar it gruttere skipfeartferkear. De Urker fisker dy't ferantwurdlik is foar de botsing leit yntusken ek al in tal dagen yn de slûs.

Hy seit dat in technyske steuring derfoar soarge dat syn koppeling net wurke. Hjirtroch koe it skip net stilset wurde, en fear it tsjin de slûsdoar oan. De Urkers brûke de tiid yn de slûs no om reparaasjes te dwaan. Dy stiene eins al pland, mar dan yn de thúshaven.

Den Oever

By de Stevinslûzen oan de oare kant fan de Ofslútdyk liket alles moandei wer gewoan, nei de grutte steuring fan snein. Neffens Rykswettersteat is it útsûnderlik dat der oan de kant fan Den Oever sa'n soarte steuring wie. Dizze komt folle faker foar oan de Fryske kant fan de dyk.

Der waard troch ferskate minsken yn de file klage oer it lange wachtsjen op de monteur. Mar neffens Rykswettersteat is dit logysk, sjoen it feit dat de monteur út Hoarn wei komme moast. De elektroanika fan de slûzen oan de Noard-Hollânske kant fan de Ofslútdyk wurdt yn septimber folslein neisjoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)