Dioksinemeter REC falt koarte tiid út troch stroomsteuring

02 maaie 2016 - 12:11
  • Omrin, ôffaloven, Harns

By in koarte stroomsteuring yn Harns is moandeitemoarn de dioksine-mjitapparatuer yn de ôffaloven op 'e nij útfallen. Dat seit eigener Omrin op har webside. Neffens it bedriuw is de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing ynljochte en is frege om it probleem sa gau as mooglik te ferhelpen, sadat de útstjit wer metten wurdt.

Neffens Omrin kin de ynstallaasje tsjin stroomsteuringen. It proses yn de ôffaloven wie neffens Omrin koart ûntregele, mar waard dêrnei gau wer oppakt. De útstjit bleau binnen de noarmen, seit Omrin.

De lêste tiid binne der ta argewaasje fan de gemeente Harns en de provinsje meardere steurings by de oven. Ferline wike reagearre Harns lilk doe't bliken die dat Omrin neat melden hie oer in stofwolk dy't frijkaam by it weropstarten fan de ôffaloven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)