CDA en 50plus pleitsje foar registraasjesysteem ûngelokken

02 maaie 2016 - 11:55
  • Ungelokken troch glêdens

De fraksjes fan it CDA en 50plus wolle dat der in goed registraasjesysteem foar ferkearsûngelokken komt. Op basis fan de útkomsten fan dy ûndersiken kin de provinsje bepale oft in ferkearssituaasje gefaarlik is en oanpast wurde moat.

Neffens de fraksjes rint der mominteel in proef by it MCL yn Ljouwert mei de registraasje fan ûngelokken. Dat systeem soe as foarbyld tsjinje kinne. De fraksjes komme mei fragen om't se harren soargen meitsje oer it tanimmend oantal ferkearsûngelokken wêrby't benammen âlderen slachtoffer binne.

Neffens de fraksjes is it oantal ûngelokken yn 2015 itselde as yn 2010, nettsjinsteande alderhande maatregels dy't naam binne om de diken feiliger te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)