Op paad op 5 maaie? Goed nijs, want it wurdt moai waar

Terras © Omrop Fryslân
Minsken dy't der tongersdei op út wolle, hawwe dêr moai waar by. Op Himelfeartsdei én befrijingsdei wurdt it 18 of 19 graden, meldt waarman Piet Paulusma. Ek bliuwt it drûch en skynt de sinne de hiele dei. De wyn is matich en komt út it súdeasten.
En it waar wurdt allinnich mar better, want rjochting it wykein komt de temperatuer sels boppe de 20 graden út.
Ferline jier wie befrijingsdei folle minder moai. Doe lutsen flinke buien oer de provinsje. De doeken waarden fan it haadpoadium fuorthelle en it publyk moast koarte tiid skûlje foar de rein.
Himelfeartsdei foel ferline jier op 14 maaie en brocht wol moai waar.