Lieuwe Westra 2e yn Romandië

25 apr 2012 - 19:07
  • Pieter Weening

Lieuwe Westra is yn de earste etappe fan de Ronde fan Romandië krekt ferslein troch Bradley Wiggens. Nei 184,5 kilometer, mei twa bergen fan de twadde kategory, wie der noch in groep fan sa'n 60 hurdfytsers oer. De topsprinters sieten net yn dy earste groep. Wiggens wûn mei lyts ferskil fan Westra, Pieter Weening waard tsiende. Yn it klassemint hat Wiggens no ek de lieding. Bauke Mollema is tredde op 9 sekonden. Pieter Weening en Lieuwe Westra moatte 27 tellen tajaan op Wiggens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)