Poal wegeret te beteljen nei diner yn Ljouwerter restaurant

Menukaart restaurant
De plysje yn Ljouwert hat sneintejûn in 20-jierrige Poalske oplichter oanhâlden. De man hie yn in restaurant oan it Groot Schavernek iten, mar woe net betelje. De man wie in bekende fan de plysje.
Net allinnich fanwegen eardere oplichtingssaken, mar ek om't hy swartriden hie yn it iepenbier ferfier. De man sit fêst foar fierder ûndersyk. Neffens de plysje hinget de man in selstraf fan maksimaal 4 jier of in hege jildboete boppe de holle.