"Noch soad fleantúchwrakken op de boaiem fan de Iselmar"

Hast 1100 bemanningsleden fan fleantugen dy't delstoarten binne yn de Twadde Wrâldoarloch, wurde noch hieltyd fermist. Dat meldt de NOS nei ûndersyk. Under oaren yn de gemeente Súdwest-Fryslân en yn De Iselmar lizze noch fleantugen begroeven.
Neibesteanden tsjinje geregeld fersiken yn foar in opgraving, mar gemeenten wurkje dêr faak net oan mei. De gemeenten moatte nammentlik sels opdraaide foar de kosten. In opgraving op it lân kostet al gau in heal miljoen euro, opgravings yn it wetter binne noch folle djoerder.
De NOS hat yn totaal 501 lokaasjes yn kaart brocht dêr't noch fleantúchwrakken begroeven lizze.